Fryske taal is goed foar ekonomy

© Omrop Fryslân
It brûken fan de Fryske taal is goed foar de ekonomy yn Fryslân. Dat is de konklúzje fan ûndersiker Ab van Langevelde fan de Ryksuniversiteit yn Grins. Wichtige foardielen binne klantebining en it wy-gefoel op de wurkflier. It Frysk soe ek op kwaliteit tsjutte.
Van Langevelde prate foar syn proefskrift mei ûndernimmers. Dy binne faak min te sprekken oer Fryske plaknammen.