Kraan yn sleat by Jellum

05 jul 2001 - 00:00

Yn 'e Jellumerpolder is tongersdei in kraan fan Kielstra út Wurdum omdondere. De kraan hie woansdei in gemaal pleatst. Ek doe gong it al hast mis omt de stempels fan de kraan net genôch stipe fûnen op 'e sêfte ûndergrûn.

Op 'e weromreis oer in boerereed sakke de grûn by de sleatswâl fuort en kypte de kraan yn 'e feart. Om de kraan fuort te heljen moast in nij paad makke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)