Gjin boete foar ATF-boeren

© Omrop Fryslân
Njoggen boeren út de omkriten fan Drachten hoege gjin boete te beteljen, alhoewol't se nei de brân by ATF har fee bûten stean lieten. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank tongersdei besletten.
De boeren wegeren it fee binnen te heljen omdat se it fierstente waarm fûnen. Boppedat wiene de maatregels nei de brân net dúdlik genôch. De offisier fan justysje easke earder 750 gûne boete.