'Iepenbier ministearje nayf'

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hie de útstjoering fan 'e dokumintêre oer de saak-Vaatstra by Omrop Fryslân opkeare moatten. Dat sei minister Korthals fan justysje tongersdei yn de Twadde Keamer.
Der ûntstie reboelje oer de útspraak fan saakoffisier De Graaf dat er in Irakese fertochte oanhâlde liet ûnder druk fan parse en publike opiny. Justysje hat de gefolgen fan dy útspraak slim ûnderskat.