Brân op 'e Jouwer

05 jul 2001 - 00:00

Woansdei is brân ûntstien op it dak fan it kantoar fan de Sosjale Tsjinst fan de gemeente Skarsterlân op 'e Jouwer. It kantoar wie noch mar ien moanne yn gebrûk. De brânwacht wie der gau by, de skea koe sadwaande beheind bliuwe.

De klanten wurde de kommende dagen holpen yn in oar part fan it kantoar. Hoe't de brân ûntstien is is noch net bekend. De technyske resjerzje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)