Wadden on-line wurdt trochset

© Omrop Fryslân
Mei in tasizzing fan it ministearje fan ûnderwiis fan 85.000 gûne kin it ûnderwiisprojekt Wadden-on-line fan it GCO foarearst in jier trochdraaie.
Eilanner bern krije fia dit projekt ûnderwiis fia ynternet, sadat se net nei de fêste wâl hoege. It projekt stie faai omdat de subsyzjeperioade foarby wie. It ryk wol dat yn 'e takomst ek provinsje en gemeenten bijdrage oan it projekt.