Koart nijs

04 jul 2001 - 00:00

Der hat tiisdeitenacht in snelkraak west by in elektroanikasaak oan de Voorstraat yn Frjentsjer. Tsjûgen seagen hoe't twa manlju de doar yntrapen en koart dêrnei útnaaiden yn in auto. De plysje hat de dieders net te pakken krigen.

Yn Lippenhuzen is woansdei in hynder yn in jarrekelder fallen. It hynder foel troch in gat en kaam fêst te sitten. It bist koe net mear rêden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)