Bibleteekboeken fia ynternet

© Omrop Fryslân
Yn Wûnseradiel, Kollumerlân en Boarnsterhim kin men aanst bibleteekboeken besoarge krije. De leden moatte de boeken fia ynternet bestelle. Se wurde dan besoarge troch de bibliobus of de regiopost.
It giet om in projekt fan twa jier. Doel is mear leden en útlienings te krijen. Op dizze wize hopet lytsedoarpeprojektburo Op Paad de bibliobus te hâlden.