Twarres-CD op ien yn België

04 jul 2001 - 00:00

De ferline wike ferskynde CD Stream fan Twarres is op it stuit de meast ferkochte CD yn België. Twarres is al langere tiid tige populêr yn België, yn Flaanderen mar ek yn it Frânstalige Walloanië.

Koartlyn makke Radio Donna yn Brussel sels in twatalich Frysk-Nederlânsk radioprogramma nei oanlieding fan it súkses fan Twarres. De single 'Wêr Bisto?' stie ferline jier al op ien yn België.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)