Debat Vaatstra-saak ferskood

© Omrop Fryslân
It debat oer de saak Vaatstra dat woansdei holden wurde soe yn de Twadde Keamer, wurdt ferskood nei tongersdei. It spoeddebat is troch GrienLinks oanfrege nei oanlieding fan de dokumintêre op Omrop Fryslân oer de Vaatstra-moard.
Saaksoffisier De Graaf sei dêryn dat de fertochte Irakees ûnder druk fan de publike opine oanholden is. GrienLinks wol mear helderheid oer dizze saak.