Undertiteling wykoersjoch

03 jul 2001 - 00:00

Omrop Fryslân begjint op sneon 7 july mei it ûndertiteljen fan it wykoersjoch foar dôven. De ûndertiteling yn it Nederlânsk is beskikber fia teletekst 888.

Yn Fryslân wenje sa'n 20.000 dôven. Sy hawwe Omrop Fryslân en de provinsje om de ûndertitels frege. Nei Omroep Zeeland is Omrop Fryslân de twadde regionale omrop fan Nederlân mei ûndertitels foar minsken dy't min hearre of dôf binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)