Jacht sit klem ûnder brêge

03 jul 2001 - 00:00

In plezierjacht hat moandei in oere lang klem sitten ûnder in brêge yn it sintrum fan 'e Gordyk. De brêgewipper hie de boat, dy't efter in oar skip foer, net sjoen doe't er de brêge ticht die.

In flaggemêst, in rút en in part fan 'e roef fan it jacht rekken stikken. De skipper en syn frou kamen mei de skrik frij. De brânwacht hat twa oeren dwaande west om it skip te los te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)