Omset Poiesz mei 20% omheech

02 jul 2001 - 00:00

De omset fan Poiesz supermerken is troch de problemen by Laurus mei 20 persint omheech gongen. Laurus is op it stuit dwaande mei it ombouwen fan Nieuwe Wemeen Super de Boer-winkels ta Konmar.

Neffens direkteur Smit fan Poiesz hat Laurus gjin goed klante-ûndersyk dien. Friezen wolle in eigen sfear, Fryske produkten en lege prizen. Hja kinne dit by Konmar net fine, mar wol by Poiesz.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)