Jorritsma fêst op Ofslútdyk
Minister Jorritsma fan Ekonomyske Saken hat moandei ek lest hân fan de aksjes troch boeren en feehannelers. Jorritsma soe nei it Weltwirtschaftsforum yn it Eastenrykse Salzburg.
De fise-premier kaam lykwols op wei fan Boalsert nei Schiphol yn 'e file te stean en miste hjirtroch har fleantúch. Se hat doe besletten om mar net mear nei Eastenryk te gean.