Sky Radio priis foar Ljouwerter

© Omrop Fryslân
Petra Koppe fan Ljouwert hat snein de haadpriis wûn fan in Sky Radio priisfraach. De wedstriid waard hâlden yn it ramt fan it 12,5 jierrich bestean fan it radiostasjon.
Petra kin no in jier lang gratis libje. Hier, boadskippen en in dreamauto wurde foar har betelle. Ek fleanreizen dy't se dit jier makket binne fergees. De priis waard snein útrikt yn Stienwyk.