Knal en stekflam op speedboat

© Omrop Fryslân
In jonkje (6) fan It Hearrenfean en syn kammeraat binne snein ferwûne rekke by in ûntploffing op in speedboat. De skipper hie foar in brêge yn 'e Ingelenfeart op 't Fean de motor útset. Doe't er wer starte, folge der in knal en fleach de boat yn 'e brân.
De twa folwoeksenen en de jonkjes sprongen daliks oerboard. De bern hawwe baarnplakken oan gesicht en boppelea.