Boeren blokkearje Ofslútdyk

02 jul 2001 - 00:00

In lange file stie moandeitemoarn op de Ofslútdyk rjochting Den Oever. Boeren en feehannelers fierden aksje tsjin it lânboubelied fan minister Brinkhorst. Yn kolonne rieden se stadich nei NoardHollân. Ferkear koe der net omhinne.

De aksje is in protest tsjin it sluten fan feemerken en it ekstra wurk en de kosten fanwege tongblier en BSE. Om njoggen oere waard de blokkade opheft.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)