Frysk yn grut online wurdboek
It Frysk is ek opnommen yn it ynternetbernewurdboek fan 'e Italiaanse taalspesjalist Logos Groep. De list is op te freegjen fia logos.it/bimbi
Njonken de skriuwwize is yn guon gefallen ek de útspraak te beharkjen, spitigernôch noch net foar it Frysk. It bernewurdboek is basearre op it Logos Wurdboek. Dat soe it grutste online wurdboek wêze.