Skûtsjesilen giet de wrâld oer

01 jul 2001 - 00:00

De stjoerder National Geographic Channel makket fan 't simmer opnames fan it skûtsjesilen. De Fryske tradisjonele sylrace is ûnderwerp fan in tv-dokumentêre fan 'e Ingelsktalige stjoerder.

Neffens in wurdfierder past de film yn 'e doelstelling 'om de geografyske kennis fan de wrâld te fergrutsjen'. De dokumintêre wurdt nei alle gedachten ein dit jier of begjin takom jier útstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)