NK skaken yn Ljouwert beslikke

© Omrop Fryslân
Loek van Wely hat snein op it NK skaken yn Ljouwert syn nasjonale titel prolongearre. Yn in barraazje oer fjouwer partijen fersloech er Erik van den Doel mei 3-0. De ekstra partijen wiene nedich om't beide spilers 6,5 punten út njoggen partijen hiene.
De spilers hâlde elk in bedrach fan 21.000 gûne oan harren optreden oer. It NK fûn plak yn skouboarch De Harmonie.