St Anne wint frouljusbûnspartij

01 jul 2001 - 00:00

It partoer Sint Anne hat sneon yn Tsjummearum de bûnspartij foar froulju wûn. Gerda Okkinga, Mariska Stienstra en Romy van der Veen fersloegen op de fjirde list titelferdigener Grou mei 5 om 3 en 6-4.

Yn 'e heale finale wie Sint Anne te sterk foar Snits. De Snitsers hiene dêrfoar ek al ferlern fan Easterlittens. Dat partoer krige de preemje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)