Deftones rûzje mei security
It skeelde net folle of de haadact van Wâldrock gie sneon net troch. De sjonger fan 'e Deftones hie foar it optreden rûzje mei de befeiliging. Hy soe oan 'e apparatuer sitten hawwe. Nei in achterfolging sprongen trije man him op 'e hûd en joegen him klappen.
It optreden fan 'e Deftones waard in healoere útsteld. Wâldrock hie dit jier sawat 6500 besikers.