Kado foar tongblierslachtoffers

30 jun 2001 - 00:00

Alle tongblierslachtoffers yn Ie krigen sneon in presintsje fan de jongerein fan it doarp. De hobbyboeren krigen in koer fol ferrassings en in bosk blommen.

De skjippeboeren krigen ien skiep. De molkfeehâlders krigen in bon foar KIsperma. Boppedat waard ûnder harren in keal ferlotte. De jongerein fan jeugdhonk It Skûlplak woe de tongblierslachtoffers sa in hert ûnder de riem stekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)