Resten fan pleats by Snits fûn

© Omrop Fryslân
In delsetting út it begjin fan de jiertelling is by Snits fûn. By opgravingen oan de eastlike rûnwei om de wetterstêd hinne, is in ferheging oantroffen mei resten fan in houten buorkerij.
Der binne bonken fan bisten yn de grûn fûn en yn de wetterputten potten en skerven. Nei alle gedachten hat der ien gesin op de pleats wenne. Nije wike wurdt it gebiet neier ûndersocht.