Deade by brân yn Koatstertille

29 jun 2001 - 00:00

By in brân yn Koatstertille is freed in in deadlike slachtoffer fallen. It giet nei alle gedachten om in 16-jierrige ynwenner fan it plak. Syn famylje koe op 'e tiid út hûs komme.

De brân is nei ienen nachts ûntstien. It hûs is foar it grutste part útbaarnd. It doarpsfeest dat oant snein duorje soe, is yn oerlis mei de famylje fan de ferstoarne jonge ôflast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)