Prinsetún wurdt opknapt

© Omrop Fryslân
De Prinsetún yn de Fryske haadstêd wurdt foar in miljoen gûne opknapt. In part fan de beammen en struken binne oan ferfanging ta. De nije beplanting moat oerienkomme mei de oarspronklike plannen fan arsjitekt Roodbaard út de 19e ieu.
De Prinsetún moat ek 'iepener' wurde, sadat mear minsken it park fine. De stekken sille fuort en der komme bettere foarsjennings foar de jachthaven.