Sukses foar stedswachten

27 jun 2001 - 00:00

Stedswachten wurde hieltyd faker ynset troch plysje en gemeenten. Dat seit de direkteur fan de Stichting Stadswacht Fryslân. It projekt rint no seis jier en der binne 90 stedswachten yn Fryslân.

Minsken dy't lange tiid wurkleas binne, komme yn de beneaming foar it projekt. Foar guon stedswachten is it wurk in opstap nei wurk yn it bedriuwslibben. Ferline jier streamden 19 stedswachten út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)