Famke lestich fallen

27 jun 2001 - 00:00

In fyftjinjierrich famke út Bûtenpost is tiisdei lestich fallen. Se fytste nei hûs doe't in auto har ynhelle. Letter stie de wein yn in greide parkeard. De bestjoerder wie útstapt en rûn op it famke ta doe't se lâns fytste.

Hy sloech in earm om har hinne en dat woe it famke net. It slagge har om de man kwyt te reitsjen. De man wie lytser as 1.75 en hie koart stikeltsjehier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)