Ambulânses Wijma nei Kijlstra
Kijlstra Persoaneferfiergroep út Drachten nimt fan 1 july ôf de ambulânsetsjinst fan Wijma yn Ljouwert oer. Neffens Kijlstra is de oername needsaaklik om ek yn 'e takomst in wichtige rol te spyljen yn it ambulânseferfier.
Troch de oername wurdt Kijlstra de grutste ambulânsetsjinst fan Fryslân. De 40 meiwurkers fan Wijma wurde allegear oernaam.