Nachtlike fytsestalling yn Snits

© Omrop Fryslân
De fytsestalling oan de Neltjeshaven yn Snits is fan ôfrûne sneon wer nachts iepen. De stalling dy't bewekke wurdt, is in inisjatyf fan Stichting de Loopplank. Frijwilligers fan de stichting passe nachts oant trije oere op.
De stichting hat as doel minsken dy't al lang wurkleas binne wer wurkûnderfining opdwaan te litten. Mooglik wurdt de stalling oant healwei fiven iepensteld.