SC Heerenveen tsjin Letten

24 jun 2001 - 00:00

SC Heerenveen moat yn de twadde omgong fan de yntertotokompetysje útkomme tsjin FHK Liepass Metalurgs út Letlân. De Letten hawwe sneon de twadde wedstriid yn de earste ronde wûn fan it Ierske Cork City mei 2-1.

Earder hienen de Letten al yn Ierlân wûn mei 1-0. De Friezen moatte 30 juny of 1 july útspylje. De returnwedstriid folget 7 july yn it Abe Lenstra Stadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)