Nije natuerkamping yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Oan De Leyen tusken Rottefalle en Eastermar is sneontemoarn in natuerkamping iepene. Der is plak foar 23 gasten dy't fan stilte en ienfâld hâlde. Mooglik komme der 20 plakken mear by.
Yn de provinsje binne acht natuerkampings, yn it hiele lân goed hûndert. De kampings ûnderskiede har trochdat der gjin lúkse fasiliteiten binne, lykas elektrisiteit en in kampwinkel.