Plysje warskôget Lemsterlân

05 mrt 2012 - 17:11

De plysje sil tiisdei ynwenners fan Lemsterlân warskôgje tsjin wenningynbraken. Ferskate plysjeminsken sjogge de kommende tiid mei in pear ynbrekkerseagen nei de huzen yn de gemeente. Yn Lemsterlân is lykas yn de rest fan de provinsje it tal wenningynbraken ferdûbele. Sa waarden yn 2011 35 oanjeften dien, no stiet de teller al op 23.

It projekt Tegenhouden moat dy trend opkeare. Der ha earder aksjes west yn Grou en Súdwest Fryslân. Takom wike sil der kontrolearre wurde yn Warkum, Makkum en Skarsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)