Offisier De Graaf ûnder fjoer

21 jun 2001 - 00:00

Offisier fan justysje De Graaf leit ûnder fjoer. Hy seit yn in dokumintêre fan Omrop Fryslân (útstjoering snein) dat yn de saak Vaatstra in Irakees oanholden is, wylst bekend wie dat dy ûnskuldich wie. Dat soe bard weze ûnder druk fan de publike opiny.

It OM seit dat de man by oanhâlding wol fertocht wie. Juristen en leden fan de Twadde Keamer ha ferbjustere reagearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)