Undersyk opfang dakleazen

© Omrop Fryslân
De helte fan de Ljouwerters hat gjin beswier tsjin in dakleazeopfang yn har strjitte. Dat lit in ûndersyk sjen dat De Terp dwaan litten hat troch de CHN.
Neffens direkteur Van Anken nuansjearret dy útslach de negative lûden dy't faak oer de opfang te hearren binne. De gemeente Ljouwert is al in pear jier dwaande om in nije opfang yn 'e stêd te meitsjen. Dat smyt in soad protesten op.