Ljouwert dochs netwurkstêd?

© Omrop Fryslân
Ljouwert kriget mooglik dochs de status fan netwurkstêd. Neffens ûndersyksynstitút TNO spilet de Fryske haadstêd in wichtige rol yn it Noarden. Dat stiet yn in rapport dat yn opdracht fan it Ryk skreaun is.
Assen en Grins binne al earder oanwiisd as netwurkstêd. Drinte en Grinslân binne derop tsjin dat Ljouwert dy status ek kriget. Yn septimber falt it beslút.