Oanrander Drachten slacht wer ta

© Omrop Fryslân
De plysje set tsien resjersjeurs yn om in oanrander yn Drachten ta pakken. De man foel earder twa famkes seksueel lestich op yndustryterrein De Haven. Dit wykein sloech er ta by de fuotbalfjilden fan Drachtster Boys. Dêr taaste er in fromminske oan dy't mei de hûn rûn.
De slachtoffers jouwe allegearre itselde sinjalemint. It giet om in jonge man mei in pûkelich gesicht.