Jorritsma iepenet Nido

18 jun 2001 - 00:00

Minister Jorritsma fan Ekonomyske Saken hat moandei yn Ljouwert it gebou fan it Nido iepene. Dat stiet foar Nationaal Initiatief Duurzame Ontwikkeling.

De organisaasje moat minsken út bedriuwslibben, oerheden en maatskiplik libben besykje te rissen foar wynenerzjy en duorsum wenjen. Foar Fryslân betsjut de komst fan it Nido benammen ekstra wurkgelegenheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)