Treinen Ljouwert-Harns útfallen

© Omrop Fryslân
NoordNed hat moandei fanwege defekt materiaal treinen ferfalle litten op it trajekt Ljouwert-Harns. De trein dy't om healwei njoggenen út Ljouwert fertrekke moast, foel út. Datselde jilde ek foar de trein fan njoggen oere út Harns.
De ferwachting is dat de treinen moandei fierder neffens de gewoane tsjinstregeling ride sille. Ek eardere treinen wiene moandeitemoarns al útfallen.