Winst foar Van Tuinen en dy

© Omrop Fryslân
It partoer Pieter van Tuinen, Andre Kuipers en Chris Wassenaar hat snein yn Sint Jabik it haadklassekeatsen wûn. Yn de finale fan de sechsde frije formaasje partij fan dit seizoen wienen se mei 5-3, 6-4 te sterk foar Minnesma, Zittema en Van der Graaf.
Der wiene yn Sint Jabik in soad nij gearstalde partoeren. Dat kaam om't Klaas Anne Terpstra opslagger wurden is.