Mear aksjes tsjin Brinkhorst
Nederlânske feehannelers sille lanlik aksje fiere tsjin de plannen fan lânbouminister Brinkhorst. De Fryske ôfdieling fan it Nederlânske Bûn fan Feehannelers (NBHV) hat tiisdei it ferkear yn Ljouwert al ûntregele.
Brinkhorst wol oan de hân fan aksjepunten it risiko op fersprieding fan feesykten minimalisearje. Mar neffens de NBHV wurdt de feemerk dêrmei kapot makke.