Untslach foar wegerjende amtner?

14 jun 2001 - 00:00

De amtner dy't op prinsipjele grûnen wegere om in homohoulik te sluten, krijt mooglik dien. Fan 'e wike hat de amtner foar de twadde kear wegere mei te wurkjen oan in homohoulik. Har kontrakt rint offisjeel oant 2004.

It kolleezje fynt de wegering yn striid mei it belied fan de gemeente. Mei de oare amtners fan de boargerlike stân wurdt meikoarten praat oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)