Dream Cambuur foarby
Yn Rotterdam ferlear Cambuur woansdei mei 2-0 it neikompetysjeduel fan Sparta. Nei de rêst skoarden Langerak en Marbus foar Sparta. Cambuur krige in pear goeie mooglikheden, mar skoarde net.
Troch it ferlies is Cambuur yn prinsipe útskeakele yn de neikompetysje. Sparta bliuwt yn 'e earedivyzje. It útferkochte duel waard bywenne troch 700 Cambuursupporters.