Sneonsmerk dochs nei Saailân
De sneonsmerk yn Ljouwert ferhuzet dochs nei it Saailân. De merk kin net mear op 'e Kelders en de Voorstreek holden wurde, omdat dy op 'e nij ynrjochte wurde.
Wethâlder Bilker fan Ljouwert fynt it Saailân in gaadlik plak, mar in part fan de riedsadvyskommisje tinkt dêr oars oer. PvdA en D66 fûnen dat de merk better nei it Waagplein koe.