LC ien dei Ljouwerter Krante

© Omrop Fryslân
Foar it earst sûnt 1752 ferskynt de LC op tiisdei 12 juny yn it Frysk as Ljouwerter Krante. Yn it ramt fan it Europeesk Jier fan de talen wurdt de krante yn it Frysk en yn it Nederlânsk útjûn.
In spesjaal team fan tsien oersetters is fiif oere moarns begûn mei it ferfryskjen fan alle kopij. De krante hat in ton ynvestearre yn in spesjaal ôfbrekprogramma fan Fryske wurden.