Feemerken definityf ticht

11 jun 2001 - 00:00

De feemerk yn Ljouwert giet definityf ticht, krekt as de oare sân feemerken yn Nederlân. Dat hat de Groep Nederlandse Veemarkten (GNV) moandei besletten. Se sizze net oan de strange easken foldwaan te kinnen dy't minister Brinkhorst nei de tongblierkrisis oplein hat.

Merkmaster Hoeksema fan Ljouwert wol him noch beriede op it beslút. In sluting soe in soad banen kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)