Aksjes by FEC Ljouwert

11 jun 2001 - 00:00

De Fryske feehannelers sille tiisdeitemoarn aksjefiere by it FEC yn Ljouwert. Se binne lulk omdat de feemerk noch net iepen giet. Neffens foarsitter Brinksma fan it bûn fan Fryske feehannelers komt der in ein oan de feemerk as it ministearje fan Lânbou de regels net oanpast.

It like derop dat de feemerk freed wer iepen soe, mar dêr kin mei de easken fan it ministearje gjin sprake fan wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)