Nij Frysk Blazersensemble
It Frysk Blazersensemble sil takom seizoen de Fryske poadia bespylje. It ensemble hâlde yn 1985 op doe't it Herenakkoord tusken Fryslân en Grinslân sluten waard. Dêrmei gie it Frysk Jeugdorkest op yn it NNO.
It nije ensemble stribbet nei in farieard kultureel program. Dêr ferliene fotograaf Paul van Gent en skriuwer Jurjen van der Meer har meiwurking oan.