Partoer Berkenpas wint keatsen
It haadklasse keatsen yn Dokkum is sneon wûn troch it partoer fan Klaas Berkenpas. De formaasjewedstriid dy't earder yn Berltsum hâlden waard bestie út acht partoeren.
De finale gie tusken Simon Minnesma, Cor Zittema en Marten Feenstra tsjin Klaas Anne Terpstra, Dirkjan van der Woud en Klaas Berkenpas. De PC-kening fan ferline jier wûn no mei 5-1 en 6-2.