Mooglik sauna yn âld-finzenis

08 jun 2001 - 00:00

De Blokhuispoort yn Ljouwert is in gaadlik plak foar antike Romeinske Keizerstermen. Dat idee komt fan sauna Westenberg yn de haadstêd dy't útwreidzje wol. De âld-finzenis soe nei in rekonstruksje plak biede kinne oan in hammam, balseal en in skoalle foar gladiatoaren.

De Ryksgebouwetsjinst is noch eigner fan it gebou. Der binne al in pear belangstellenden, mocht it pân te keap komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)